Huldiging winners NK Skoalfamkes 2013

Yn in skitterende entoeraazje mei in grutte opkomst iepende foarsitter Hans de Boer de jûn mei de wurden ”Twa jier lyn stie ik hjir ek. It wie doe, dat ik de wurden spruts dat wij, as lyts keatsdoarp, tige gelokkich binne mei safolle keatstalint. No twa jier letter stean ik hjir wer as grutske foarsitter. Froulju wat hawwe jimme it goed dien! Witte jimme noch hoe at it gien is? Ik sil wol earlik bekenne dat ik net alle slagen yn de holle haw.

Dat hoech ik ek net, derfoar hawwe bij Jacob Klaver in rinnende almenak.” Dêrnei joech Hans it wurd oan Theo Kuipers. Theo gong earst efkes werom yn de tiid, nei it bysûndere jubileumjier 2003 en neamde de oerienkomsten mei dit jier, ek in jubileum, destiids en no wer winst by it NK Skoalfamkes. Beide kearen coachte Albert Reitsema it partoer. Begelaat mei fotobylden naam Theo dernei de dei fan it NK 2013 yn Mantgum nochris troch. Theo eindige syn ferhaal mei de útspraak dat coach Albert d’r mar rekken mei hâlde moat dat hy yn it jubileum jier 2023 wer oproppen wurdt. Dernei waarden Jennie Terpstra, Bregt Arendz, Amarins de Groot en Albert Reitsema nei foaren roppen. Foar harren wiene d’r kado’s mei ûnder oare in troch Rinze Westerdijk makke kollaazje fan foto’s fan it NK. Ek kriget dizze kollaazje wer in plakje yn it kantoor fan Boubedriuw Klaversma. Boppedat komt d’r wer in moaie foto fan ús kampioenen yn de Wjukken te hingjen. Troch de kampioenen sels waard de ôfdielings medaille op it findel spjelde. Dernei krigen de winnaars fan 2003 Kataya en Eleaine Reitsema it wurd. Thalia ferbliuwt yn it bûtenlân en kin ta har spyt hjir jûn net oanwêzich wêze. Hja witte noch as de dei fan juster hoe bysûnder it winnen fan in NK is en priizgje de knappe prestaasje fan Jennie, Bregt en Amarinz De Reitsema’s waarden yntrodusearre troch Geart Oostra dy’t noch efkes de útkommen dream fan de doetiidse foarsitter yn it ûnthâld werom brocht. Dit wie de dream........ In dei foar de jubileum keatspartij hie de foarsitter in dream útsprutsen; sneon op ’e neimiddei, te midden fan de ledekeatsers, soe der in hynder en wein it fjild opdaverje mei trije suskes dy’t de krâns winne soe by de Bûnspartij yn Dronryp. Ek de 2e priis winners, coach en bestjoer fan Grou wiene noege en jûn oanwêzich. De keatsferiening fan Gou hat ek in bysûndere prestaasje lefere, sawol de skoaljonges as skoalfamkes waarden op de selde dei twadde by it NK. Ek hja krije in kado. De foarsitter fan doarpsbelang, Anne Muller, wie nei it kofjeskoft de earste fan sprekkers dy’t de famkes en coach taspruts. Dernei folge de foarsitter fan Federaasje Littenseradiel, Sjors Jepkema, Arjen Klaversma út namme fan Boubedriuw Klaversma en Coach Albert Reitsema. In protte moaie wurden en in tafel fol mei kado’s. Ek B&W fan Littenseradiel hie in kado besoargje litten, hja wiene jûn ferhindere en dus net oanwêzich. In moaie selfmakke taart waard troch Jennie, Bregt en Amarinz oan coach Albert oanbean. Der wiene jûn in soad minsken, dy seagen nei it skoft dat Jan de Jager en Martin Visser nei foaren roppen waarden, hja wiene as earste en twadde yn de JK kompetysje eindige. Ek in bysûndere prestaasjes hawwe Joke Koldyk, Jennie Terpstra, Lyssa van der Ende, Ilse Noorman en Baukje Stienstra lefere, hja wûnen yn Winsum de Pelote PC by de froulju. De lêste flessen Jacob Klaver jubileum wyn wiene foar harren. Hans betanke dêrnei noch in oantal leden dy’t harren foar K.F. Jacob Klaver mear dan gemiddeld fertsjinstlik meitsje. Nei foaren waarden helle Durk Monsma, Theo Kuipers, Anne Muller en Rinze Westerdyk. Hja krije blommen, ek binne d’r blommen foar Jolt van der Veen dy’t de jûns de foto’s makke hat. It is fansels sa dat je net alle minsken nei foaren ta helje kinne. De feriening kin rekkenje op stipe fan in soad frijwilligers. Kransenmakkers, fjildlizzers, karmasters, frijwillgers yn Wjukken, publyk, stipers ensf. Al dizze minsken wurde troch de foarsitter betanke foar harren ynspanningen. Hjirmei binne we oan it ein kommen fan it offisjele part fan dizze jûn. De measte minsken bliuwe noch efkes yn de Wjukken hingjen en neipraten. We kinne foldien werom sjen op dizze prachtige jûn Geart Oostra

Geplaatst op 17 November 2013